Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hier en hoed

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

De blakte hold it wetter flak,
wat skippers tsjin de hierren striek,
sy sylden leaver rak foar rak
mei strakke skoat en bûgde gyk.

Image

It wie Wâldsein of Earnewâld
dy’t dreau as earste nei de start,
it swit preau fan de spanning sâlt,
de skippers kamen doek tekoart.

De nije skipper* hie it lang
fan boppen, ûnder wie it koart,
hy siet as op ‘e earste rang
mei beker, lykwols sûnder board.

Image

Mei parasol en hege hoed
siet yn de punt in âlde fan
te sjen nei ’t heale moantsje… goed,
want Jitze* hie gjin plak ferlern.

Image

* Jitze Grondsma fan Drachten-Philips

admin

Flits of skou

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

Der stiet gjin wyn, it is te nau,
it klamme swit dript op it roer,
hy leit oer bakboard, draaie bliksem!
Earnewâldster silen is in toer,
behalve mei in flits of skou.

Hiel Earnewâld is hjoed yn tou,
it eigen skûtsje moat foaroan,
dus sile as de hjitte bliksem,
mar as tolfde is it spul bedoarn:
‘Jou ús dan mar in flits of skou!’

It Hearrenfean wol fierste gau
foarby de ploech fan Loadewyk*,
gjin bak- of stjoerboard, ’t kin net bliksem!
’t Brike roer wurdt Allards** ûngelyk:
‘Stjoer do mar yn in flits of skou!’

Image

* Loadewyk Meeter
** Allard Sijperda

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum