Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rehoboth

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
Izaäk, de soan fan Abraham,
groef heit syn wetterputten op,
tichtsmiten troch de Filistinen,
mar de restauraasje stie rap stop
troch hoeders fan in oare stam
mei rjochten út in fier ferline.

Strideraasje drige yn it gea
fan Kanäan, dêr’t Abraham
syn team nei Gods belofte swalke,
mar as oarloch siedde haat en dea,
dan droege op de âlde stam,
dat Izaäk dronk leaver molke.

Fredich grave waard tenei syn lot,
sa hat hy eigen wetter fûn
om takomst yn ’t beloofde lân te fieren:
‘Lit de put no hjitte Rehoboth,
want God hat ús de romte jûn,
dy namme sil ús libben siere.’

Meigean yn de tiid is minskelot,
in muorre stiet net lang oerein,
giet brekkend nei de Filistinen;
oare tiden ha der goed foar sein,
de sloper giet foar Rehoboth,
jout romte, rap sil nij ferskine.

Image

admin

Oars

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se binne oars as oars,
sa wurdt der sein,
want polyfalken
snije troch de weagen
mei har skerpe noas
en sile as in trein
yn poly-eagen.

Se binne unifoarm,
sa wol men ha,
dat polyfalken
krije wol in teken:
’t nûmer is de noarm
yn ’t rychje, dat no sa
en wis foar leken.

Mar oan de oare kade leit in tsjalk,
dy’t eartiids oer de weagen klapte,
mei ’t katoenen túch de wyn beflapte,
sa unyk as ek it skippersfolk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum