Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Napoleons Waterloo

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan William Sadler II*

Hy riisde as de sinne
op ‘e nij nei ’t heechste punt,
fan Elba nei Parys;
de keizer makke mei syn stunt
it paad frij om te winnen.

Fan ’t suden nei it noarden
mei it leger derop ôf:
Ligny en Quatre-Bras;
de fijân rekke yn it nau,
mar briek út Frânske koarden.

Image

Ien steat tsjin alliearden,
wylst it kaam mei bakken del,
de rein by Waterloo;
de Frânsen rekken yn in hel,
sadat de kânsen kearden.

Hy sakke as de sinne
yn it westen nei de see,
op Sint Helena del;
de keizer kriich syn lêste stee
om inkeld noch te rinnen.

* William Sadler II (1782-1839)
Skilderij ‘Slach by Waterloo’

admin

Eilân-keizer

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Horace Vernet*

Image

Dêr stiet er mei de earmen oerinoar
mei útsicht oer de wide see
en tusken syn soldaten,
dy’t al witte fan syn kar,
want Elba is gjin rotsfêst stee,
dêr falt hjoed oer te praten.

As balling ha se him hjirhinne stjoerd,
in eilân sûnder sicht op macht,
want binne syn soldaten,
mar seishûndert, hjir foargoed?
Dan is it dien mei priel en pracht,
’t kanon sil nea wer prate.

As eilân-keizer lit er him wol sjen,
set Elba op ‘e hannelskaart
en bout syn residinsje,
mar de slach hat er ferlern,
wat leit net yn ’t soldate-aard:
de sege as yntinsje.

Dêr stiet er mei de earmen oerinoar
mei útsicht op it fêstelân
en twamiljoen soldaten,
dy’t net witte fan syn kar:
werom nei Frankryks rots en strân,
sa lizze hjoed de kaarten.

* Horace Vernet (1789-1863)
Skilderij ‘Napoleon op Elba’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum