Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Held Willem

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Willem Pieneman*

Noch mar trijentweintich jier
en dan al nasjonale held,
it is de skiednis dy’t fertelt
fan Willem foar it lân yn ’t spier.

Trije jier en dan al oer
de Noardsee flechtsje foar asyl;
de Frânsman wie gjin Anglofyl,
woe dat syn float de see oer foer.

Jierren letter nei Berlyn
foar ’t Pruisyske soldatefak,
as militêr wie hy teplak,
’t gie erfprins Willem foar de wyn.

Spanje waard syn striidterrein:
yn ’t leger fan de Ingelsman
focht Willem tsjin Napoleon,
dêr wie it lêste net mei sein.

Waterloo  is noch net meld,
dêr’t Willem focht en kriich in skot
yn ’t skouder, ’t wie in gouden gat:
de naasje eare him as held.

Image

* Jan Willem Pieneman (1779-1853)
Skilderij ‘De slach by Waterloo’

admin

Napoleons Waterloo

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan William Sadler II*

Hy riisde as de sinne
op ‘e nij nei ’t heechste punt,
fan Elba nei Parys;
de keizer makke mei syn stunt
it paad frij om te winnen.

Fan ’t suden nei it noarden
mei it leger derop ôf:
Ligny en Quatre-Bras;
de fijân rekke yn it nau,
mar briek út Frânske koarden.

Image

Ien steat tsjin alliearden,
wylst it kaam mei bakken del,
de rein by Waterloo;
de Frânsen rekken yn in hel,
sadat de kânsen kearden.

Hy sakke as de sinne
yn it westen nei de see,
op Sint Helena del;
de keizer kriich syn lêste stee
om inkeld noch te rinnen.

* William Sadler II (1782-1839)
Skilderij ‘Slach by Waterloo’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum