Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kozakken

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Pieter Gerardus van Os*

Image

Kozakken , folk fan fiere steppen,
stoarmfûgels fan de tsaar,
dy’t fleagen mei gefaar
foar eigen libben en de oar,
it rûn faak út op meppen.

It earste doel wie te befrijen
it folk fan ’t Frânske jok
mei sabel, spear en flok,
dêr wiene it Kozakken foar,
Napoleon moast lije.

En fierder woene se ek drinke
molkamers fol mei drank,
sa brocht it folk syn tank;
dan âle it Kozakkekoar:
‘Us gloarje sil fier klinke!’

Kozakken, folk fan rûge koppen,
rôffûgels of oarsom:
de dowen makken rom
it lân, de Frânsen troch de doar
as hoannen sûnder kroppen.

* Pieter Gerardus van Os (1776-1839)
Skilderij ‘Kozakkefoarpost yn 1813’

admin

Sân tsjin ien

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Vladimir Moshkov*

It iene folge op it oare:
fan Ruslâns kjeld en snie
marsjearje nei de Dútske hjerst,
om’t machtsgefoel de oerhân hie,
Napoleon wie net feroare.

Image

Sân steaten strieden tsjin de iene;
it Frânske leger, dat
yn ’t middelpunt fan Dútslân stie,
kriich net de oerhân op ’t komplot…
Europa wie dy deis feriene.

By Leipzig foelen de sân steaten
it Frânske leger oan,
in striid fan njoggen oeren lang;
‘Napoleon moat fan de troan!’
Kanonnen dy’t dat wyske skeaten.

It iene folge op it oare:
Napoleon ferslein,
mar syktes foelen noch fûl oan;
oan mannich libben kaam in ein,
de oarloch hie noch mear feroare.

* Vladimir Moshkov (1792-1839)
Skilderij ‘Slach by Leipzig’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum