Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Alex Brinksma

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Gjin skipper, mar wol ien dy’t stjoere koe,
al wie it op it droege:
Alex Brinksma!
Se diene sa’t hy hawwe woe:
in feart oer alle boegen.

Hy moast it roer ienkear út hannen jaan,
syn namme waard heech eare:
Alex Brinksma,
do koest it mei de mûle dwaan,
dyn wurd wie net te kearen.

Eks-skippers hâlde har komselden stil,
ek net de man mei eare:
Alex Brinksma;
der waard net harke nei syn wil,
syn eare wie beseare.

De winter makke iepen wûnen hiel,
in folchskip kriich de namme
Alex Brinksma!
Hy naam wer oan it striidspul diel,
mei eare, ûnbeskamme.

Image

admin

Romrofte ein

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Wêr’t in skûtsjerom net goed foar is,
wie ’t yn ’t ferline foar de fracht
en letter faak om yn te wenjen,
Doarp Huzum sloech op fûgels acht,
mar ’t soe de ein net leanje.

As it tsjuster is, dan wurdt men kjel
fan lûden yn it rom, foarfêst
in rôt of faaks in hiele protte,
mar mei in ein dy’t blaast op ’t nêst,
hoecht ek gjinien te spotten.

As it skûtsje sylde mei in ploech,
dan wie de ein der ek ien fan,
hy foer fan Huzum nei de Pikmar
en tsjinne as ‘reserveman’,
mar kwêke lûd: ‘Ferhip mar!’

Oan syn romroft libben kaam in ein
of leaver oan it waarme broed,
want Huzum wie ynienen foetsy,
de ein op ’t wetter en yn noed,
it nêst yn ’t rom fan ’t skûtsje.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum