Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op knibbels

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Herman Frederik Carel ten Kate*

Image

It is bekend, gjin misferstân,
want elkenien kin soks wol sjen,
God hat it sa ha wollen:
ryk en earm, neat oan de hân,
it giet fan heit oer op ‘e bern,
men sjocht it oan de hollen.

It bloeide op yn Nederlân,
want rykdom liet him glânzjend sjen
en frege nea tefolle;
earmoed sleepte oan de hân
fan tsjerke, want God hold fan bern,
Hy hie it sa ha wollen.

Op knibbels foar de Heare God,
de iene op ‘e sêfte bank,
de oare op ‘e stiennen;
beide witte fan it lot
en bringe dêrfoar God de tank,
syn wrâld leit der sa hinne.

* Herman Frederik Carel ten Kate (1822-1891)
Skilderij ‘Yn tsjerke’

admin

Wjukleas

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Wijnand Nuyen*

Net earder wie syn lân sa grut,
fan Grinslân oant de Frânske grins,
in sterke liuw fan kop oant sturt,
sa wie ’t nei kening Willems winsk.

Net earder wie mynhear sa ryk
dy’t hannel dreau mei hege winst
en hearske oer syn fleisfabryk
fan slaven op it alderminst.

Sa wjukleas as de mûne wie,
sa swalken earmen troch it jier,
se wisten mei ’t bestean gjin rie,
want opsein waard ferbliuw en hier.

Dêr stiet de wein op ’t glêde iis
mei ’t skeamel ark dat der noch wie,
sa wjuk- of wurkleas is in griis,
wylst skrassend wjukket noch de krie.

Image

* Wijnand Nuyen (1813-1839)
Skilderij ‘De ferhuzing’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum