Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn shock

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

Hy sit ferwezen op ‘e lûken
as de jongste fan de Meeter-ploech,
want de klap kaam bonkhurd oan;
se koene him as peiler brûke,
ûnder ’t seil hold hy it krekt noch droech,
want dêrfoar wied er skipperssoan.

Image

Lizze skûtsjes oer itselde board,
gjin kop sil op ‘e oare rinne,
parallel, dus feilich sylt de float,
de rapste rinner sil it winne.

Komt it iene op it oare ôf,
dan kinne hurde koppen klappe,
ek al is de Iselmar net nau,
de skipper lit syn skûtsje stappe.

Image

Doarp Huzum koe gjin lijen brûke,
sylde feilich oer it goede board
mei in konsintrearre ploech;
Súdwest kaam skealik út ‘e hoeke,
’t hie wat fan in oanslach, krekt gjin moard,
’t gie foar de jongste wat te rûch.

Image

admin

Nij-Guinéa

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Nij-Guinéa,
gjin foet wie op it eilân set,
dochs hearde ’t by it heitelân,
bestjoerd út ‘e Molukken wei,
mar kaam de eigen fuotstap net,
dan wol de print fan fijâns hân.

Image

Nij-Guinéa,
de Triton sylt al op dy oan,
in ekspedysje mei as doel
it earste fort foar goed bestjoer,
mar sûnder kening op ‘e troan,
it wâld wie dêr in tizeboel.

Nij-Guinéa,
foar ’t earst in flagge op dyn grûn
en wol op kenings bertedei,
it read-wyt-blau heech boppe ’t fort,
de lege bou mei eare jûn,
it wâld derby, de ein fan wei.

Image

Nij-Guinéa,
dyn eigen folk lit him ek sjen
mei pilebôge, siik fan lea,
en stekt soldaten oan, it fort
giet yn de tizeboel ferlern,
de lege bou wurdt wer dyn gea.

* Yllustraasje ‘De Triton ûnderweis nei Nij-Guinéa’

* Yllustraasje ‘Fort Du Bus yn 1828’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum