Willem Tjerkstra’s thússide
admin

In memoriam Albert van Akker

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

De tachtich hat er ryklik helle,
die mei romme skoaten der fiif by,
in skrepper troch de jierren hinne,
by de konkurrinten yn it lij,
want ryklik moast er punten telle.

De fyftjin hat er krekt net helle
as sportive skipper fan de liuw,
in skûtsje net om faak te winnen,
mar wa’t trochset, fielt de driuw
om yn de wedstriid mei te tellen.

Der kaam gjin ein oan syn karriêre,
want tradysje siet him yn it bloed,
dus mocht er de feroarings skôgje,
sette streken, karde ôf en goed,
sa soe wat âld is, net ferstjerre.

Sa hat syn skûtsje him oerlibbe,
mar fertsjinste giet de tiden troch,
hy waard as skipper slein ta ridder,
freonlik striidber wit it neiteam noch,
dat iene punt hat er nei stribbe.

Image

admin

Kampioen op Seolto

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

As de weagen rôlje troch de waring,
de skoaten rinne út ‘e klau,
dan wurdt gjin keardel sparre,
mar wêr is Grou?

As de gyk it skomjend wetter rekket,
it stekt mei ’t roer ferrekte nau,
dan bliuwe keardels wekker,
mar wêr is Grou?

Image

Nee, net dat wy no sliepe,
wy nimme hjoed gjin risiko
mei op it skip in slingermêst,
ús kampioenskip stiet al fêst
en fierder leit noch alles iepen…
watsei… De Jouwer hat noch kâns?
Jawis, dat is in risiko,
mar nee, hy leit no op it sechde plak
en mei in twirre út balâns,
wy steane hjir op ús gemak
op ’t dek fan Seolto.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum