Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stielen fangst

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Wâldsein moast oer de Iselmar
om ’t prinslik houliksfeest te fieren
mei in line ûnder ’t flak
foar fêste swurden, iel en skar,
se hoegden net in net te hieren.

De Iselmar brocht ûngelok,
gjin fisk woe yn de line bite,
mar wol rekke ’t skûtsje lek,
der wie net sprake fan in flok,
it feest gie troch, dus gjin ferwiten.

Wâldsein foer wetterticht werom
mei ûnder ’t flak deselde line
foar it twadde fiskersfeest;
in Iselmarfisk is net stom,
wol him net oan in skûtsje bine.

Wâldsein kaam út it wetter wei
mei oan de swurden noch de line
en as fangst in glêde fyts;
de fiskers hiene harren dei:
mei ’t fytsstiel ’t lekke skip ferbine.

Image

admin

Liuwen yn de koai

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

Sjedêr, se lizze oan ’t Rokin
yn plak fan yn de Prinsetún,
se sizze: hjoed hat it wol sin
yn ’t lân fan polderdyk en dún.

Se lizze inkeld foar de toai
mei flaggen en elektrysk ljocht,
it binne liuwen yn de koai,
want skûtsjesilen is har nocht.

Unmooglik yn in smelle grêft
dy’t twirret fan ’t Oranjefeest,
de Fryske romte jout de krêft,
gebouwen meitsje har ta beest.

Lit sakje al dat tinne doek
en hysje op ‘e mar it seil,
hâld yn it eigen lânskip hoek
en winskje ’t prinslik pear it heil.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum