Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sytse Poep kroadet wer*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

It is him, ’t kin net misse:
mei in snorke foar de kop
sylt Sytse Poep de haven yn,
fan fierren klinkt syn rop:
‘De âlden kinne it noch risse!’

Sjoch no ris, ’t is de kroade
dy’t noch rôlet nei de wâl
mei ieuwenâlde hichtegrûn,
’t giet Sytse nea te mâl,
ferhalen binne yn de moade.

Wol deale, ’t binne boeken
dy’t er ek noch rôlje lit,
mar modder seit him folle mear,
hy wit net hoe’t it sit,
sil heil oim seil* yn ’t gleske dûke.

Image

* By it oanbieden fan de nije printinge
fan ‘Heil om seil’, fan Hylke Speerstra

admin

Frisia

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Image

Ut it skûtsje-argyf 2002

Dêr leit er dan, de Frysia
of ’t lytse broerke fan ‘Doarp Grou’
en Mink as twa kear skipper,
dy’t ek soarge foar it blok en tou,
it wie in opbou fan komsa.

It kaam net sa op Bearend ta,
it wie in skip fol rust en fet,
mar wol om fan te dreamen,
nachts hat Mink wat op syn blokje set
om te ûnthâlden, ’t moast dan sa.

It moast wat wurde mei dit skip,
dat âlder is as hûndert jier
en dochs it lytse broerke,
dat allinnich sylt foar nocht en sier,
altyd komsa en nea in dip.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum