Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lette winner

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1969

Image

Se seagen op gjin oere,
want de iere moarn of lette jûn
fertelde fan de tiid
dat sy mei modder foeren
hiel Fryslân yn it rûn.

Har skûtsjes eagen donker,
passend teken fan in hurd bestean,
seis dagen yn de striid,
mar letter kaam de pronker,
wyt wie syn kleur en lean.

Wol Meeters stiek er heger
mei syn mêst en túch as doedestiids,
dochs bleau de boddersdied
deselde, want neat dreger
as tiden yn de striid.

Sa hat er mei syn wite
dreaun by ’t âlde Grou oant yn de jûn,
fan ’t switten dweiltrochwiet,
mar oer de hiele krite
is Meeters namme rûn.

Image

admin

Under peil

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1969

Noch foar de striid kin ’t raar beteare
as de skipper hiset heger ’t seil
as proefsyleleminten twirjend beare,
want dan rekket skip of skipper ûnder peil.

Image

As earste sylde skipper Hylke*
Earnewâld oer Sitebuertster Ie,
bekend mei ’t rôljend Grouster wetter
sa’t der gjin betûfter siler wie
oant út ‘e hichte wei in twirre
him fûl falle liet yn ’t taande seil,
it skûtsje koe gjin meter fierder
wat de skipper fûn fier ûnder peil.

Image

As twadde sylde skipper Teake**
’t Heale Moantsje skean de Moarre oer,
net ûnbekend mei ’t wiet fan Koudum,
rekke dochs it lot de man oan ’t roer:
syn harsens woene ’t mêstblok keare,
mar se skodden ûnder ’t wetterpeil,
hy koe gjin moantsje mear ferneare,
striek harsensskraabjend fok en seil.

* Hylke de Vries
** Teake Brouwer

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum