Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op ‘e wjukken

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Hat in skip de gong deryn,
dan fljocht it oer de weagen
mei fjouwer wjukken tagelyk:
troch ’t seil, de fok en beide swurden
komt dit fûgelbyld foar eagen.

Image

As in skip in swurd ferliest,
dan kin it net mear fleane,
mei trije wjukken is it bryk
en foar de wedstriid wjuklam wurden,
troch sa’n drama komt it nearne.

As de liuw komt klear yn byld,
op kop fljocht oer de weagen,
dan klappe wjukken tagelyk
fan swarte guozzen, sûnder wurden
ha se ’t lykwicht skerp foar eagen.

Image

admin

Achter de rêch

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

De rêch fan Peter* knapte op
doe’t Baint** it roer yn hannen hie
op ’t rûge wetter fan de Fluezen,
it duo kaam dêr foar de trie,
De Jouwer lei op ’t lêst op kop.

De hân fan Jitze*** kaam yn ’t gips
nei ’t ûngemakje op Wâldsein
doe’t briek ien fan syn fingerbonkjes;
de dokter hie him rêst oansein,
hy sei: ‘Ik syl op myn Philips.’

Dêr sit er achter Ymes**** rêch,
dy’t hieltyd fielt it hurde gips,
want Jitze kin it wier net litte:
de hân krijt fan de holle tips,
it duo hat de ein yn ’t each.

Image

* Peter Syperda
** Baint Kramer
*** Jitze Grondsma
**** Yme van der Meer

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum