Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei de top

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

De measten ha de kop derfoar,
want oer de streek, dan rap werom
en op ‘e nij begjinne:
‘Binne wy it… nee, in oar,
dus lit him dan mar rinne!’

De Jouwer hat de breedste kop,
leit ûnder, mar knypt hegerop
en kin de boei berinne:
‘Binne wy it… ja, ’t is top,
ús start wie net sa’n minne!’

Mar ’t Hearrenfean, wêr leit dat skip?
It rint net sa’t de skipper wol,
dus dan yn de trapeze:
‘Kin it sa… of is ’t te hol?
Us skûtsje moat hjoed race!’

Image

 

admin

Trapezewaar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

It wie de dei fan de trapeze,
neffens silers yn it skerpe jacht;
kaam ’t skûtsje op syn kant, dan hingje,
de skipper hie sa alles yn de macht,
sjedêr, de Snitser Pan soe race.

Op ’t eigen wetter soe it heve,
ek de romte spriek de Pan wol oan,
de nauten liken mear op hingjen,
de skipper hie it dêr al faak bestoarn,
mar hjoed liet hy syn skûtsje sweve.

Der wie mar ien dy’t him bedrige,
sa te sjen de skûte mei de L
yn ’t folle túch, gjin lêst fan hingjen,
de Lemsters joegen harren noflik del,
de foto soe der net om lige.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum