Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Anna mei it bokje

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Ik koe gjin wurk mear dwaan as bline,
siet de hiele dei as wie it nacht,
dat Anna moast de kost fertsjinje,
hie it wurk as weefster yn de macht,
mar ik koe thús myn draai net fine.

Image

De hearen ha har goed betelle,
sels in bokje kriich se fan ien mei,
teminsten dat moast ik mar leauwe…
joech se ’t weeflean net in frjemde draai?
Miskien wie ’t bist wol earne stellen.

Myn Anna wie net mear te hâlden,
poer wie se, ik hie de slach ferlern
en koe net oars as lûdop bidde:
‘Heare, wol nei myn ellinde sjen
en my de siken no ûnthâlde.’

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Tobit en Anna mei it bokje’

admin

Blyn fan moskestront

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Lit my oer ’t ûngemak fertelle,
want it feestmiel slaan ik leaver oer:
se ha in stamgenoat fermoarde
en dan smakket iten sâlt en soer,
ik ha it lyk fan ’t stedsplein helle.

De man koe net sa lizzen bliuwe,
as foarhinne fielde ik de plicht
op joadske wize te begraven;
‘k rûn gefaar, dus moast it út it sicht,
it tsjuster soe der net oer skriuwe.

Begrave sûnder oan te reitsjen
’t lyk, dat slagget net, dus wie ‘k ûnrein
en moast dy nacht wol bûten sliepe;
lokkich hie ‘k net lêst fan kjeld of rein,
de Hear soe oer syn tsjinner weitsje.

Ik hearde ’t tsjilpjen fan de mosken,
fielde yn de eagen wat skerp biet,
ien fan de fûgels hie grif skiten;
neat koe ‘k sjen, myn wangen waarden wiet,
ik ha fergees de eagen wosken.

Image

* Ut ‘Keur de Historie van den ouden en den jongen Tobias’
Yllustraasje ‘Tobit begraaft it lyk en kriget moskestront yn de eagen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum