Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fallend oerwâld

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Yn de maitiid, noch betiid en kâld,
is er yn it leger kommen,
it wie foar him de hege wrâld,
it oerwâld, greidegers en blommen.

Ut it leger rûtste hy dertroch,
stâlen joegen him de romte,
hy moast der lykwols ûndertroch,
te lyts noch foar it gers en blomte.

Alden woene ha, út soarch en noed,
’t oerwâld joech har bern beskerming;
mar ’t groeien siet him yn it bloed,
de wrâld wie grutter as de bermen.

Dyk en hikke holden him net tsjin,
’t leger wied er al fergetten,
balstjurrich sloech er op ‘e rin,
ferlei nei’t bûtenlân syn swetten.

Yn de lette maitiid, droech en soel,
miste hy ’t bekende beaken,
de ierde dreunde, ’t oerwâld foel,
it hastich haske stie yn ’t neaken.

Image

admin

Finale skûtsjesilen 2006

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
Wetter, elemint fan heger as
de mêst, troch nimmen noch te kearen,
wolken litte fûle buien los,
it waar sil de finale leare.

Wetter, leger as it skûtsjeflak,
it elemint kin izer drage,
weagen slaan tsjin kop en stjoer en bak,
de mar stelt de finale fragen.

’t Antwurd komt fan wachtsjend skippersfolk
dat foar de striid beslút te pisjen
achter ’t swurd – sa ek noch wettertolk
fan spanning – om har ta te rissen.

Image

Wachtsjend stiet it trouwe wâlpublyk
it himelwetter op te kearen
mei it lichtste doek, in droech ûntwyk
foar wa’t gjin kâns hat op ‘e eare.

Skerp lavearjend striidt de skûtsjefloat
mei doek om twirren op te heinen,
’t hichtewetter steurt gjinien oan board,
wat ûnder is giet boppe ’t reinen.

Image

As de finish daveret mei in skot,
lit dan it sâlte wetter streame,
want de kampioen is skûtsjegod,
dêr’t trettjin skippers noch fan dreame.

Reinich waar hat de finale leard
dat alles hat wat mei it wetter,
silen oer ien boech, finaal ferkeard,
natuerlik libje is dochs better.

Image

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum