Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Daniël en Bel

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

De kening eare ôfgod Bel,
dy’t fan santich prysters iten krige,
alle dagen setten sy dat del,
’t gie altyd op, it smakke tige.

Image

Mei Bel dreau Daniël de spot:
soe in god fan liem en brûns ’t wol smeitsje?
Hy ferwiisde nei syn eigen God,
de kening koe dêr net om laitsje.

De prysters wiene eigenwiis:
Daniëls bestean soe it belije,
kenings segel soarge foar ’t bewiis,
gjin mins soe Bel syn iten krije.

Mar Daniël, ek lang net min,
liet om Bel syn alter jiske struie,
ek as proef; al wie it laachje tin,
hy liet sa santich prysters bruie.

Image

De prysters kroepen troch in lûk
om mei frou en bern by Bel te fretten,
alle nachten wie dat har gebrûk,
de jiske hat de fuotstap metten.

* Yllustraasje ‘Kening Cyrus en Daniël’

** Yllustraasje ‘Jiske struie foar Bels alter’

admin

Suzanne frijpleite

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

De Hear joech Daniël
it argumint foar syn protest:
grut ûnrjocht lei Suzanne del,
de rjochters hiene by har west.

In proef joech it bewiis:
de rjochters sprieken elkoar tsjin,
in beam brocht harren yn de tiis,
mei rjocht wie doe Suzanne skjin.

De rjochters skrillen op
doe’t Daniël sa streekrjocht spriek,
har plan wie útrûn op in strop,
dêrby kaam dat har libben briek.

It folk joech God de ear,
dy’t Daniël ta ynsjoch brocht,
sadat de leagen it ferlear,
de wierheid krige alle rjocht.

* Ikoan ‘Daniël’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum