Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Deastraf foar Suzanne

Bibelbylden
PDF Print E-mail
De rjochters kamen del
en soargen foar in soad kabaal,
Suzanne wie net mear yn tel,
sy telden dûbel mei ’t ferhaal.

De leagen kaam derút
as wierheid sûnder har ferwar:
it spul gie fierder as in tút,
it hiele barren wie te bar.

Suzanne hie gjin each
foar rjochters sûnder rjocht en ear,
hoewol’t sy leine har in leach,
hie sy fertrouwen yn de Hear.

It kaam ta dit beslút:
de deastraf foar de frou as hoer;
Suzanne rôp har ûnskuld út:
‘It ûnrjocht, Heare, is my oer.’

admin

Suzanne foar it blok

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Suzanne naam in bad
en stjoerde beide fammen fuort,
de rjochters gluorken nei de skat
as wie ’t foar harren libben guod.

Image

Se stoden op har ta,
Suzanne koe gjin kant mear út,
fernaam… se woene sa en sa,
it bleau net inkeld by in tút.

Suzanne kaam foar ’t blok:
‘Do hast in keardel by dy hân,
dus leave, soargje foar wat lok
foar ús, dan bisto út ‘e brân.’

Se skreaude moard en brân,
de leagen leaver as har lea,
de drift sloech oer nei ûnferstân:
de rjochters winsken har al dea.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Suzanne en de âlderlingen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum