Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Optimistyske hichte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa kin de hichte breed besjen,
want heech is heech, sa ek mei leech,
de hichte fan de mêst en toer
dy sjogge start en weagen oer,
de keninginne en it bern.

Sy hearske oer de Griene Draak,
dy’t sy royaal bestjoere koe,
hoewol’t er spuide reek en fjoer
de breedte fan de finish oer,
in hege, keninklike saak.

Sy foeren yn de optimist,
de Ollie en de tante Beth,
mei fêste hân oan skoat en roer
op hichte fluch de finish oer,
as winners wittend fan dit is ’t!

Image

admin

Under kapen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sneintemoarn, de earste dei hat west,
de nacht kaam lâns en skomme fan it bier,
doe foel de rêst oer stêd en haven.

Image

Sliepers lizze, slop yn elke spier,
ferskate kapen steane rjocht oerein,
gjin fûnemint om foar te graven.

Tydlik seilplan, heinend wyn en rein
foar tapers, stjonkend noch nei alkohol
fan nachts geduerich troch te jitten.

Image

’t Springend hart, de mage leech en fol
de earen noch fan radio NL,
de jager hat him drave litten.

Tsjerkeklokken meitsje nimmen kjel,
de frommen sjonge by it oargelspul
fan ’t hymjend hart de jacht ûntkommen.

Mar de farders fine ’t flauwe kul,
sy sjonge fier fan ’t skomjend Snitswykbier
en fierder kin ’t har neat ferdomme.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum