Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ofskie nei de brulloft

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Andrea Vaccaro*

It jild foar Tobit moast noch komme,
dêrfoar wie syn soan de wrâld ynstjoerd,
it wie te dwaan om tsien talinten,
’t kaam troch ingel Rafael wol goed,
gjinien hie ’t himelske fernommen.

Hy liet him net as ingel kenne,
mar foar Tobias wie hy it wol,
syn reis rûn streekrjocht nei de hichte,
troch de brulloft like ’t libben fol,
dochs soe it noch oan hichte winne.

Syn skoanheit woe, it pear soe bliuwe,
Tobias siet oer syn âlden yn,
it ôfskie moast der dus fan komme,
’t waard in oere sûnder sinneskyn…
de seine koe de wolk ferdriuwe.

Image

* Andrea Vaccaro (1604-1670)
Skilderij ‘De seine fan heit Ragûel foar Sara’

admin

Fan grêf nei feest

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Pieter Lastman*

Image

Elk mei dy earste nacht wol witte,
fan de achtste man op Sara’s bêd,
de rook fan fiskehert en lever,
satan flechte, fan de stank al sêd…
koe Tobias syn fangst ferjitte?

Syn reismaat hie him paadwiis makke,
stjoerde ’t oan op ’t hert fan fisk en frou,
dat Tobias gie op ‘e knibbels:
‘Tankewol, Hear, ‘k bliuw Jo ivich trou,
de dea noch satan koe my pakke.’

Heit Ragûel hie gjin fertrouwen,
dat hy groef in grêf yn neare nacht
foar Tobias, dy soe wol stjerre,
mar hy dreamde oer syn nûmer acht,
it koe net oars, ’t rûn út op trouwen.

De feinten moasten ’t grêf tichtsmite…
iepen lei de takomst foar it pear:
earst feest, dat duorre fjirtjin dagen,
doe lei de heale erfenis al klear,
in libbenlang om fan te iten.

* Pieter Lastman (1583-1633)
Skilderij ‘De houliksnacht fan Tobias en Sara’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum