Willem Tjerkstra’s thússide
admin

By de poat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is yn ’t lêst fan it seizoen,
dochs kin de lúkse ’t waar wol oan,
hâldt rein en twirren bûten;
’t skipsfolk is oan dei noch oere bûn,
bliuwt op ‘e koai oant yn de lette moarn.

In fûgel is al ier yn ’t spier,
sit meditearjend op it plat,
it heart hjoed by syn rûte
as model foar ’t sliepend minskedier,
dat yn syn dreamen soks net nedich hat.

Mar sjocht men tichter by de boat,
dan ha se mins en fûgel by de poat.

Image

admin

Libbensstream

Lyrysk Deiboek

 

PDF Print E-mail
Image

De earmen stekke noch omheech,
guon keal, al troffen troch de dea,
omdat de libbensstream gjin paad mear fynt,
de lêste wiken binne dreech,
reëel de flok, fergees de bea.

Dan komt de jûn, de nacht giet yn
mei ’t deadeliet fan blêd en wyn.

En as de moarn riist út it blau
mei fel oranje ûnder ’t giel,
it wolkom foar de sinne dy’t har bynt,
dan ljochtet wyt yn djippe rou,
memento mori foar de siel.

Sjedêr de dei, de moarntiidsbeam
riist op en fielt de libbensstream.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum