Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Om it liif

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hat neat om ’t liif
as teken fan har situaasje,
neaken yn de maatskippij;
de keardel nêst syn wiif
stiet foar de hearskippij
fan harren eigen frije naasje.

Sy stiet hjoed wer by
har fint en steunt op syn programma,
super foar in bleat begjin
fan sa is de partij:
‘It libben hat earst sin
as elk ris frije kin, ferjamme.’

Hy is trûbadoer
en spilet fleurich syn programma
mei de faam fan stryk de snaar:
”t libben freget stjoer,
dus klaai jim nei it waar,
de leafde wurdt sa nea beskamme.’

Image

admin

By de poat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is yn ’t lêst fan it seizoen,
dochs kin de lúkse ’t waar wol oan,
hâldt rein en twirren bûten;
’t skipsfolk is oan dei noch oere bûn,
bliuwt op ‘e koai oant yn de lette moarn.

In fûgel is al ier yn ’t spier,
sit meditearjend op it plat,
it heart hjoed by syn rûte
as model foar ’t sliepend minskedier,
dat yn syn dreamen soks net nedich hat.

Mar sjocht men tichter by de boat,
dan ha se mins en fûgel by de poat.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum