Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Waaromslach

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch is de rige beammen grien
en leit it wetter as in spegel
te blinken yn it moarnsljocht,
mar tekens lige net: it is hast dien
mei lette simmerstilte yn de regel.

De regels jouwe riten oan
mei brutsen wetter dat wyld weaget,
ferlerne hoop op deiljocht
en blêden, fallend yn dyselde toan,
it is de tiid dy’t yn de stilte reaget.

De tekens fan de tiid ferstiet
de miuw, dy’t eaget út ‘e hichte
oer wat noch baait yn stilte,
saait nei de lichte, kriezet skel syn liet
fan waaromslach, oan tiid en mins ferplichte.

Image

admin

Twa rôvers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Syn grutte fijân hat him fongen,
brûkt syn fûgelnamme, falkenier,
ta sljochte slaaf is hy ferwurden,
fljocht net mear as eachweid fier,
syn fretten is mei oermacht mongen.

Dêr sit er finzen oan in koarde,
klamt de klauwen om keunstmjittich hout,
ta rôfmodel fan minsken wurden,
’t fangen is him tabetroud
allinnich yn de neiste oarde.

Sjedêr syn maat yn rôversrêsting,
wylst de wjukken droegje yn de wyn,
wit hy gjin rie mei swarte wurden,
dat hy dûkt der gau wer yn,
want frijheid is syn sterke fêsting.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum