Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fytsfantasy

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De fyts, noch altyd multyfunksjoneel
ynsetber foar it sljochweihinne folk
foar frijheid op ‘e weach of wolk,
net bûn oan wei of rail.

Image

Hy hong fier boppe ’t fytspaad yn de beam,
in stalling logysk foar wa’t yn de loft
as fytser toeve al in skoft,
fersille yn in dream.

Hy liende ’t karke fan syn leave faam
omdat er wat yn wetterfytsen seach,
in dronken feint fan weach nei weach
dy’t frjemd telâne kaam.

Image

De wierheid riist dochs boppe weach en wolk,
brekt los en dinderet rap oer wei en rail,
is dan ek multyfunksjoneel:
de bolle ken syn folk.

Image

admin

Stoarm

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De reiden rjochten noch de rêch,
de poel lei spegelglêd derhinne,
mar ’t gefoel dreau op ‘e wyn;
de fisker siet fol yn de sinne,
smiet de hoek der nochris yn,
omdat er dat wol sitten seach.

Hy fong yn stilte foar de stoarm,
om’t fisken al yn ûnrêst reitsje
lykas fûgels op ‘e wyn;
de fiere wolk koe noch neat meitsje,
kriich de gong der mar net yn,
lykwols de sinne sloech alarm.

Image

De beammen rjochten doe de rêch,
de poel sloech los yn wylde weagen,
want ynienen wie der wyn
mei fûgels dy’t noch amper fleagen,
saaiden oer, de fierte yn,
foar skipbrek hielendal gjin each.

Image

 

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum