Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Keunstige fariaasje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wêr’t earder heidefjilden leine
mei hjir en dêr in spitten hut,
dêr’t folk it libben lijend droech
mei soms in flok of biddend wurd,
dêr ride no de djoerste weinen.

Se ha in mar foar hichten groeven
foar fjilden om in bal te slaan
en wenten, wrydsk en unifoarm
om sels noch sier en swier te jaan,
in plak om libbenslang te toevjen.

Wol weagjend lân en wetterweagen,
mar heidetinten hat it net,
wol sier by froast en winterstoarm,
dan wurdt it wiet yn ’t keunstwurk set
as fariaasje foar wat pleage.

Image

admin

Swiere sier

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy sloep by ’t stille wetter lâns
dy earste kleare nacht
en kaam der net oerhinne,
naam de boppegraad yn acht,
mar wachte op syn kâns.

Image

Doe sloech er ta, noch net mei macht,
it reid bleau yn balâns,
mar ’t wetter wie bestjurre.

Gjin noed noch foar de âlde beam,
dy’t skean stie nêst de sleat,
syn stam soe it wol hâlde;
mei syn taaie tûken bleat
fersonk er yn de dream.

Doe striek de wyn oer ’t wetter, skeat
de drippen yn it neat
en sierde swier de stâle.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum