Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Streken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It langstme nei de fierte
lûkt in minske nei de kym,
op ’t eigen plak noch mar in skym,
mar ienris sil er alles witte.

Hy folget alle streken
fan de wolken, greide, ’t mais,
is mei syn rêchsek ûnderweis
en mei it each op ’t wikend teken.

As stappen stadich wurde,
’t griene kleed ferblikt nei griis,
dan is it langstme fan de wiis,
it teken yn de kop ferhurde.

Hy hat de kop krekt setten
nei de streken yn it read,
sa kaam it dat er ’t swart fergeat,
wat jout it, hy hat rekke sketten.

Image

admin

Do en stedsfolk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy hie de hiele nacht al flein,
sa tusken de miljarden stjerren,
baaiend yn it mylde ljocht,
mar doe’t ús stjer de moarntiid brocht,
fernaam er wurgens yn syn fearren,
tagelyk in langstme nei de ein.

Image

Hy saaide op ‘e ierde del,
mar net om nei de flecht te stjerren,
kaam sa tusken ’t hurde stiel
fan bank en fet, in sterk gehiel,
neat lykwols foar syn wurge fearren,
earder foar in fredesdo de hel.

Yn flecht en frede fynt in do
de himel as it kin op ierde,
baaiend yn it mylde ljocht
fan stjerren nachts en sinnenocht,
mar struit it stedsfolk mei syn dieden,
lit it fallend eachlid witte: ho!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum