Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Libbensstream

Lyrysk Deiboek

 

PDF Print E-mail
Image

De earmen stekke noch omheech,
guon keal, al troffen troch de dea,
omdat de libbensstream gjin paad mear fynt,
de lêste wiken binne dreech,
reëel de flok, fergees de bea.

Dan komt de jûn, de nacht giet yn
mei ’t deadeliet fan blêd en wyn.

En as de moarn riist út it blau
mei fel oranje ûnder ’t giel,
it wolkom foar de sinne dy’t har bynt,
dan ljochtet wyt yn djippe rou,
memento mori foar de siel.

Sjedêr de dei, de moarntiidsbeam
riist op en fielt de libbensstream.

Image

admin

Unheilstiding

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sy kamen út ‘e midden fan de tiid
fan paus en biskop yn de gloaria
en himelhege katedralen,
dêr’t de ingels songen bliid
foar God Almachtich halleluja.

Image

Hy hat it hear en wrâldske folk oersjoen,
de swarte ridder yn de striid
tsjin kweade machten, foar de tsjerke;
doe’t er delseach op ‘e nije tiid,
hat hy befel ta ûnheil jûn.

Image

Syn eigen folk siet om it magysk fjoer
en snie it gifkrûd foar de pôt,
bedoeld foar sotte protestanten,
mongen mei seis kerrels Keltysk sâlt,
kaam ûnheil út it duvelsk foer.

En wrachtich, fjirtjin dagen nei de tiid
fan ’t magysk mingen yn de gloaria,
kaam trijedûbel op ‘e muorre
satans seis mei ûnheil wiid en siid,
foar God Minmachtich halleluja.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum