Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It kninelyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik seach se tusken doarp en stêd,
twa knyntsjes tusken strúk en dyk,
se sieten hjir en strûsden dêr,
allike rêd,
sa sûnder rêst
en net om lyk.

Image

Ik seach har op itselde plak,
it famke tusken paad en dyk,
de eagen stiene like strak,
sa sûnder doel,
want har gefoel
wie by it lyk.

Image

Ik hearde wat se letter sei,
’t ferhaal op skoalle oer har knyn,
sa sielich hoe’t er dêr sa lei,
plat op ‘e dyk,
hiel bleek en blyn…
’t wie har gelyk.

admin

De reade trie

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se hie de hân by ’t ear
en seach my freonlik oan,
in flinter yn de moarn,
yn ’t skimer krekt ûntpoppe;
se wie it noch mar heal,
de oare helte hie
har frije fleanen stoppe
en wat har libben wie,
har winsk yn hert en nieren,
dy frijheid kriich se net,
om’t sy it net mear diene.

Image

Se hinget tsjin de peal,
noch altyd like freonlik,
it libben oan in tried,
omdat har bloed feroarlik
troch hert en nieren giet
en dy’t de flinter sloech,
syn bloed wie doe behoarlik
fertinne yn de kroech,
hy liet it yn him rinne
en stiet gjin wykein droech.

Image

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum