Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skûtsjestjerren

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Is de stoarm fan ’t striden oer,
dan wurdt it ljocht de loft yn hise,
dat it túchplan strielet yn de nacht
as stjerren boppe flat en toer,
behalve as it fljocht yn tizen.

Image

Sjoch Doarp Huzum foar de toer,
gjin kampioen, mar dochs ferljochte
oant in stoarm kriich ’t túchplan yn de macht,
doe wie it stjerrestrieljen oer,
hoewol’t se foar plak trettjin fochten.

Foar de Pan wie rêst noch doer,
gjin kampioen, mar moannen letter
wol, dus blinkt er kleurich as in jacht,
dêrachter glimt de dûbeltoer,
ek noch ferdûbele troch wetter.

Image

admin

Kampioen foar wûnder

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

It kin gjin tafal wêze
dat Snits komt yn it ljocht te stean
op grutte hichte,
want de Pan hat fierwei ’t hurdste fearn,
dit feit moat men goed lêze.

Image

Se hawwe ’t meast fan mêsten:
de sân lantearnepeallen gean
de hichte yn,
want de Pan hat fierwei ’t hurdste fearn,
it ljocht is foar de bêste.

De Jouwer gie derûnder,
de mêst fan Ljouwert bleau net stean
op grutte hichte,
dat de Pan hie fierwei ’t hurdste fearn,
in kampioen foar wûnder.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum