Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Metalen tekentaal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De dize koe it ljocht net keare
nei it kâlde tsjuster fan de nacht
doe’t stiel hold oer it fjild de wacht
foar fuotbalhelden, striid en eare.

’t Metaal kin bal en minske keare
om’t it rappe spul wol trochgean moat
en guon supporters sjogge swart
as sy in eigen wei forseare.

De sinne sil hjoed heger klimme,
wurdt net achter tsjokke wolken wei,
sil oer in oere skriuwe mei
it skaad dat klinke noch dy stimmen.

’t Metaal hat net de treinen keare
kinnen ûnderweis nei ’t neare kamp
dêr’t Joaden waarden wei as damp,
mar set wol streken har ta eare.

Image

admin

Waaromslach

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch is de rige beammen grien
en leit it wetter as in spegel
te blinken yn it moarnsljocht,
mar tekens lige net: it is hast dien
mei lette simmerstilte yn de regel.

De regels jouwe riten oan
mei brutsen wetter dat wyld weaget,
ferlerne hoop op deiljocht
en blêden, fallend yn dyselde toan,
it is de tiid dy’t yn de stilte reaget.

De tekens fan de tiid ferstiet
de miuw, dy’t eaget út ‘e hichte
oer wat noch baait yn stilte,
saait nei de lichte, kriezet skel syn liet
fan waaromslach, oan tiid en mins ferplichte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum