Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lemmer Ahoy

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

Image

Ienenfyftich skûtsjes foar de striid,
wa kin dy allegearre telle?
Gjin begjinnen oan, dochs is it tiid
foar ’t skot, de trekker wurdt oerhelle.

Hûnderten toeristen op ’t terras,
de Lemsters kinne euro’s telle;
giet it skot, dan wachtsje mei de kas…
de útslach noch in skoft útstelle.

Withoefolle sjoggers op ‘e pier,
want Ulbe Zwaga* is de skipper
op it ‘Zwarte Schaap’, wrachtich wier,
it liuwke wie foar him de wipper.

Ien komt altyd winnend út ‘e striid:
Ahoy, de Snitser Pan as sterke
siler sjongt as kampioen dat liet,
de song fan ek de Lemster merke.

* Ulbe Zwaga waard yn 2002
fan it Ljouwerter skûtsje setten
en troch de SKS royearre

admin

Captains op sleeptou

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

Image

Dêr steane se, omdat se net mear witte
út wat hoeke it noch waait,
mar wat soe dat, se hâlde har net stil,
wat alles fan ’t karakter seit,
sy litte oaren foar har switte,
dizze captains of industry.

Hjoed steane se, ’t is troch de wike sitte,
want derûnder moat de wyn
by folk dat skuort oan seil en fok, har wil
is wet, sa komt de winst deryn,
sy kinne ’t managen net litte,
dizze captains of industry.

De weagen jouwe har hjoed del, sy sitte
dêr net mei, mar stean foar peal
by ’t folk dat moandei foar har skreppe sil,
de skoaten oan, it kin net heal:
it rendemint is goed te mjitten
troch de captains of industry.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum