Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wyt hynder

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De sturt fertelt neat fan de flank of kop
en likemin de simmer oer de winter,
men wurdt benijd,
’t is net te sjen oan’t fleanen fan de flinter.

Wannear’t it swurk yn ’t noarden blau belûkt
en grauwe walen strike oer de kimen,
dan is ’t as lijt
de wrâld, mei simmertinten net te rimen.

En as men mannich stap nei foaren set,
fertelle inkeld flanken fan ferskillen,
it hat wat snijt,
’t is sykjen, wylst oer ien rêch rint in rille.

Image

admin

Driging

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De nacht wie nei de moarntiid rûn
en ’t soe in wrâld fan frede wurde
mei ’t ûnskuldich wyt
fan naasjes oaninoar ferbûn
mei withoefolle wiffe wurden.

De moarn kroep stadich oer de kym
en ’t wyt woe mar net witer wurde…
wie ’t de ûnskuld kwyt?
Gjin sier fan beammen tsjok fan rym,
gjin inkeld rym waard fûn yn wurden.

Ynienen rûn de spanning op,
it silhûet fan de raketten
boppe ’t skuldich swart
wie yn dy moarn de oarlochsrop
fan Noard-Korea’s hege petten.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum