Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Boppe seil en ûnder túch

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2004

Image

Se sitte dagen boppe ’t seil
te stekken troch it swiere doek,
wat bart noch mei de hannen,
masinaal is gjin gebrûk…
se lizze nachts djip ûnder seil.

It lean is neffens cao,
dêr boppe-út stekt fier de priis
fan fjirtjintûzen euro,
eksklusyf de earste priis,
komt dy der net, dan is it ho.

Se showe breedút brún en wyt
as wie it foar de admiraal,
de baas fan alle tugen…
skippers ha in oar ferhaal:
gjin priis, dan klinkt in skerp ferwyt.

Image

admin

Dûbel Drachten

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2004

Wa ken it Drachtster skûtsje net?
It hat al jierren ûnderfining,
gie eartiids troch foar nûmer twa,
tradysje wie foar Drachten wet,
mar hat men mei dit skip noch bining?

Image
Foto Friesland Post

It leit net oan it wite seil,
ek dûbel D lit fan him sprekke,
gjin konkurrint wol dat sa ha;
’t moderne bringt foar Drachten ’t heil,
mar sil ’t wol ien de loef ôfstekke?

Til dan it skûtsje út ‘e feart
en ryd it nei it plein fan Drachten,
dan wurdt it grif wer nûmer twa,
sadat elkien oer ’t skûtsje beart,
it hat te lang op achting wachte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum