Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twa kampioenen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

Se koene silend noch jûchheie
op it achterdek fan ‘Oeral thús’,
mar lyts twa moannen letter
wie it skûtsje fier fan hûs,
de Jousters moasten lije.

Beskuldiging wie skûtsjefraude
oan it flak en achter by it roer,
de mêst wie ek wat heger
tsjin de regels fan ’t bestjoer,
it Jouster skipsfolk roude.

Ferstoarn de eufory oer ’t twadde
plak, want ‘Oeral thús’ wie nearne mear,
de Pan waard dêrtroch earste,
mar ek Ljouwert hold de ear,
wat lykwols letter barde…

admin

Amateurwurk

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Nei de prof de amateur,
hy kriget op in sneon de kâns
om sjen te litten dat er sile kin,
mar bliuwt it skip wol yn balâns?

’t Barde rom noch foar de start
doe’t ‘Oeral thús’* stiek fan de wâl,
in fûle twirre foel der folop yn,
it skip sloech om, it wiisde mâl.

‘Oeral thús’ rûn fol en sonk;
de dei ferrûn mei fûle striid
fan konkurrinten, foar en oan de wyn,
mar ’t rampskip wie net by de tiid.

Under wetter bleau it dei
en nacht, mar thús wie ’t skip dêr net,
in bergingsbok kaam fan de Iselmar,
hat ‘Oeral thús’ wer rjochtop set.

Nei de hys de amateur,
hy krige moandeis al de kâns
om smoarch te wurden, want it skip moast skjin,
dat wâlwurk wie hy wis wol mânsk.

Image

* Jouster skûtsje

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum