Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbel Drachten

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2004

Wa ken it Drachtster skûtsje net?
It hat al jierren ûnderfining,
gie eartiids troch foar nûmer twa,
tradysje wie foar Drachten wet,
mar hat men mei dit skip noch bining?

Image
Foto Friesland Post

It leit net oan it wite seil,
ek dûbel D lit fan him sprekke,
gjin konkurrint wol dat sa ha;
’t moderne bringt foar Drachten ’t heil,
mar sil ’t wol ien de loef ôfstekke?

Til dan it skûtsje út ‘e feart
en ryd it nei it plein fan Drachten,
dan wurdt it grif wer nûmer twa,
sadat elkien oer ’t skûtsje beart,
it hat te lang op achting wachte.

Image

admin

Kampioenstút

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

Image

Dêr driuwt er oer de Snitser mar,
de fleugel wizend nei de hichte,
alle rêgen rjocht,
noch lang net ha se harren nocht,
de Pan sylt yn syn eigen far,
is oan gjin fêste koers ferplichte.

De foargrûn is al foar de Pan,
it skûtsje socht it earst net heger,
sylde sa apart
dat trettjin kamen krekt tekoart,
te lyts mei Jan en alleman
en dus yn ’t klassemint wat leger.

Mei fjouwer kear as kampioen
soe skipper Douwe* skiednis skriuwe,
mar ta beslút
ek mei de kommissaristút,
elk frege nei de achtergrûn,
mar dy soe yn it tsjuster bliuwe.

Image

* Douwe Visser

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum