Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nijverheid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe kin âlde gloarje klomje,
fêstferzen yn de Houkesleat,
sa fier fan ’t earste domisily;
hoe binne âlde tiden keard,
elk lûd moat wol ferstomje.

De kape is mei plastic dutsen,
fêstferzen oan de kâlde roef,
dêr’t waarje noch de gysten geasten
fan earder, mar no stram en stoef,
op rustich izer brutsen.

Image

Op ‘e skoarstien rêst in blikje,
fêstferzen want der is gjin fjoer
of lûd dat waarmet kâlde herten;
de gloarje is al jierren oer…
wa spilet noch in stikje?

Earder sylde noch de gloarje
fan Earnewâld, de Nijverheid,
as kampioen oer Fryske marren;
de winter wint lykwols it pleit…
hoe kin de tiid feroarje!

Image

admin

Winterploech

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat is it dat in minske driuwt
nei plakken foar elkien?
Dat hy dêr tusken bliuwt
as hied er oars net dien.

Image

Hy sjocht de fûgels yn de striid
mei wat wol wurde iis,
se komme troch de tiid,
sa mei elkoar wis wiis.

Sjedêr de krieën hegerop,
it joelfeest yn de beam,
kweageast krijt op ‘e kop,
de tiid komt yn de stream.

Image

Sa driuwt de minske yn de flecht
op wjukken mannichfâld,
de guozzegeast is hecht,
fljocht oer de hiele wrâld.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum