Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferflokt teater

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Bast en tsjerkemuorre binne like âld
en hawwe waar en wyn trochstien,
mar as de geasten swalkje oer de wrâld,
dan is it mei de tsjerke dien.

’t Blide spul beweecht al dûnsjend oer it paad
dêr’t earder ’t swarte kriefolk gong,
de frouljusskonken lizze yn spagaat
wêr’t from it Godsfolk psalmen song.

Image

Ropt gjinien de grifformearde geast wer op
dy’t wist: wy binne útferkard,
in mienskip, harkjend nei de himelrop
fan wa’t net wyt is, dy is swart.

Image

Wis wol, want sjedêr wa’t opstiet út ‘e dea,
’t is Zelle, preker mei it lûd
dat ropt en raast tsjin it teaterkwea:
‘Komeedzje? ’t Eigen spul is goed!

‘k Bin apostel, spyljend foar ús Leave Hear,
gjin blijspul, mar in solostik,
ik hâld allinnich hoek, de hannen gear:
Ferflokt teater, sa bid ik.’

Image

admin

Sûnder CO-2

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De ierde lei yn ’t neare tsjuster
ûnder walen CO-2
en klage mei syn keale tûken:
‘Kom oer, want wêr giet dit op ta?
Hjir binne se de paden bjuster.’

Der waard doe risselwaasje makke,
want it wie ynienen klear
foar elk, men soe de oandacht lûke
fan wêzens út ‘e atmosfear
om ’t ierdske lijen oan te pakken.

Image

De tuorren ha de nekke rutsen,
klokken letten oerenlang,
in miuw soe as eskorte dûke,
in kraan stie klear foar earste fang,
want stel dy foar dat wêzens brutsen…

Foar ’t meitsjen fan in analyze
binne feiten nedich: ûnderweis
mei ’t spoar, al sichtber tusken tûken,
of sûnder CO-2 op reis,
it boerd soe har it paad wol wize.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum