Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tinzen by Rabba

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Davids rom rûn oer de grinzen,
tagelyk mei kenings legermacht,
dy’t elke fjild- en stêdslach wûn,
dochs kaam fan Joab noch in klacht…
de generaal mei David yn ’t ferbûn:
Oeria’s dea by Rabba
draaide yn syn tinzen.

Joab koe syn eigen grinzen:
David soe de heechste eare ha,
al hie syn legermacht al wûn,
de kening moast nei ’t slachfjild ta…
de generaal mei David yn ’t ferbûn:
Oeria’s dea by Rabba
draaide yn har tinzen.

Image

Kenings fijân rekke finzen
yn de slach mei faasje nei de dea,
ferlear syn kroan noch foar de jûn,
’t folk kriich de swipe oer de lea…
noch wie de kening oan ’t ferline bûn:
Oeria’s dea by Rabba
rûn oer Ammons grinzen.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘David ferslacht de Ammoniten’

admin

Ferlern ferline

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Salomon Koninck*

Sân dagen hat it duorre
foar’t de siken waarden wei,
it wie it jonkje fan de dei
fan heit syn frjemde goarre.

Sân dagen hat er fêste,
nachts lei David op ‘e grûn,
dêr waard it libben net mei wûn,
’t rûn út op ivich rêste.

De heit wie net by ’t stjerren,
hearde dêrfan yn de rin,
op slach joech hy it libben sin,
syn fêstjen wie mislearre.

Batsjêba wie yn triennen,
’t memmehert wie by har bern,
tegearre hiene sy ’t ferlern,
mar soene ’t nije winne.

Image

* Salomon Koninck (1609-1656)
Skilderij ‘David en Batsjêba by it bern’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum