Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wetterleeljes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

Lit de leeljes it ferhaal fertelle
fan de Frânske naasje,
de wetterleeljes mei har graasje
hat Monet yn ’t kleurljocht helle:

‘Yn myn sompich lân groef ik in fiver,
brocht dy oan it bloeien
om yn it skilderjen te groeien,
mannichfâldige troch iver.

Yn de rin fan produktive jierren
makke ik de doeken,
as fiver firtueel te brûken,
foar de naasje iepenbierre.’

Lit no it pompeblêd fertelle
hoe’t de Fryske flagge tiert
en sa de fearten siert:
natuer as ynspiraasjewelle.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
wie ien fan de belangrykste
ympressionistyske skilders
fan Frankryk.
Hy lei by syn hûs yn Giverny
in fiver oan mei wetterleeljes,
dy’t er tsien jier achterinoar
op grutte doeken skildere hat.
It plan om fan dy skilderijen
in grut panorama te meitsjen
is in jier nei syn dea yn de
Orangerie realisearre.

admin

Tobit*

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt van Rijn**

Image

Se wiene beide al op jierren,
Tobit en syn Anna, soargjend trou
foar him dy’t frege om in iepenbierring
foar syn wrâld, beslein yn ’t grauwe nau:

‘Wêr ha ‘k dit oan ferstsjinne,
ik tsjinne trou de Hear
mei timpelgong
en ’t tsiende part
fan wat ik dreech fertsjinne;
nea ha ik lang toeve,
stie alle dagen klear
foar âld en jong,
joech elk syn part,
de deaden ha ‘k begroeven.’

Image

Mar Anna woe dêr neat fan witte,
foar dy fragen hie se ’t fierste drok:
‘Do hast dy yn de eagen skite litten
troch in swel, sjoch, myn fertsjinne bok!’

‘Mar frou, wat silst my no fertelle,
wat fertsjinne is, dat wie myn fraach,
do hast de bok grif fan in rike stellen,
iepenbierrest my it leechste laach!’

Doe spatte Anna op: ‘Do bline
dy’t it sljochte libben swart-wyt sjocht,
lit my it ljocht no oer dyn fragen skine,
ast fertroust, dan dochst dyn neiste rjocht!’

Beskamme lei har man de holle
yn de nekke, die de hannen gear:
‘Ik hie it folle leaver oars ha wollen,
blyn fertrouwen op myn frou, neat mear.’

* Sjoch it apokrive bibelboek ‘Tobit’

** Rembrandt van Rijn (1606-1669)
wie ien fan de belangrykste skilders
yn de santjinde ieu.
Doe’t er 20 jier wie, skildere er
‘Tobit en Anna mei it bokje’.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum