Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pappegaaienêst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

’t Wie snein, de sânde dei,
de rêst, dus gjin gesleep
op wetters en oer wegen;
skippen leine yn de greep
fan trossen nei de kaai.

’t Wie frjemd, want op it dek
fan ’t sleepskip lei in koer
dy’t om in eintsje frege
dat al aaien lizzend foer
fan Houkesleat nei Lek.

Gjin eintsje fleach op snein
deryn, ’t lei yn de rêst
en woe net op ‘e Ara
yn it pappegaaienêst:
in ein bliuwt altyd ein.

Image

admin

Trimme

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoefolle magen stean op barsten,
sakje oant de nâle ta
dy’t tsjin it sin nei foaren stekt,
want wa wol sa in búkje ha,
dat troch de jierren hinne rekt,
en oantsjut wurde as in hufter?

Image

Krekt dêrom binne yn sân hasten
peallen yn de boaiem slein
mei dwerse stangen fan sterk stiel,
bestân tsjin sinne en tsjin rein,
geskikt foar lea mar ek foar siel,
en net te bûgjen troch in hufter.

Mar bûgje foar de stobbewylgen
dy’t al mannich jier trochstien
ha, altyd noch mei tûkehier;
’t is mei har mage no wol dien,
sy libje troch, ’t is stjerrend wier:
in wylch trimt net, mar lit him trimme.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum