Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kulturele tiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De tiden sjogge op ús del
omdat it minskdom foar de takomst bout,
it leafst de hichte yn:
de toer fan Babel is it folk fertroud,
mar dat ferline is net mear yn tel.

De tsjerke hearde by ’t bestel
fan troch de tiden hinne takomst ha,
it leafst de hichte yn;
dêr woe mynhear pastoar foar elk op ta:
ûnwis de himel, wisser wie de hel.

De skoallemuorre stiet oerein,
mar stiennen binne âlder as de bern
dy’t foar de takomst gean;
sy ha de hiele wrâld noch op besjen
en sitte mei gjin wif begjin of ein.

It leechste liket wat ûnhuer
mei ’t neaken frommes as wie ’t Babelsk hoer,
in minsklik hichtepunt
mei ’t each op ’t spul yn de teatertoer,
de tiid is ryp foar justjes mear kultuer.

Image

admin

Sitgefoelens

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie de nacht fan ’t grutte ljocht,
de moanne dy’t him dûbeld jilde liet
en op in tûke sprong, dêr rêste,
doe syn strielen om de nuddels fljocht
en harke nei it katteliet:

‘Ik sjong in fers fan langstme en fertriet,
omdat gjin tûke my in sit mear biedt.’

Image

It dage en de moarntiid bea
it maitiidslibben mei in skjinne loft
en op ‘e hege tûken krieën
yn har lêste frijgeselleskoft…
in krassend fers oer ’t griene gea:

‘Wy sjonge sa’t it yn de maitiid giet:
hormoanen jeie foar’t it wyfke briedt.’

De kat seach ’t krieëlibben oan
mei ’t rotgefoel sa tusken nacht en dei
en swart en wyt… wat is it bêste?
Op ‘e grûn in tûke as in troan,
mar ’t langstme bleau, dêr siet er mei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum