Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sûnder CO-2

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De ierde lei yn ’t neare tsjuster
ûnder walen CO-2
en klage mei syn keale tûken:
‘Kom oer, want wêr giet dit op ta?
Hjir binne se de paden bjuster.’

Der waard doe risselwaasje makke,
want it wie ynienen klear
foar elk, men soe de oandacht lûke
fan wêzens út ‘e atmosfear
om ’t ierdske lijen oan te pakken.

Image

De tuorren ha de nekke rutsen,
klokken letten oerenlang,
in miuw soe as eskorte dûke,
in kraan stie klear foar earste fang,
want stel dy foar dat wêzens brutsen…

Foar ’t meitsjen fan in analyze
binne feiten nedich: ûnderweis
mei ’t spoar, al sichtber tusken tûken,
of sûnder CO-2 op reis,
it boerd soe har it paad wol wize.

Image

admin

Ingelfal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De ierde spuite dat it spatte,
dat de rook kleau nei de himel op
en krong yn alle noazen;
doe ha ingels mei it heechste krop
mei ’t reguliere sjongen spotten.

Se lieten harren samar falle,
dreauwen op ‘e rokige termyk
as fan wol tûzen roazen,
binne lâne yn it ierdske ryk
fan botoks wangen boppe bollen.

Se binne op dat keunstfolk fallen,
tochten leger, net oan hegerop,
ha mei de bile hakke
fan de ierde, weet fan straf noch strop,
gjin aureoal mear om de holle.

Doe’t rook en nocht yn ’t neat ferfleine,
woe it ingelleger wol werom
om ’t heil wer op te pakken,
mar it slagge net, gjin wjuk dy’t klom,
de ljedder liet him ek net heine.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum