Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hazze

Keunst
PDF Print E-mail
fan Albrecht Dürer*

Image

Hy hie rêst noch doer
en streke gysten spoaren
mei syn eachopslach nei foaren,
nea wie it him oer.

Altyd hastich nei
de kleuren yn de fierte,
dochs benaud om lâns te sjitten
by syn doelen wei.

Gouden gloede lei
der fan de middeissinne
oer de hûd en earen hinne,
rêst lei him ek nei.

Kin it hastich bist
de rêst lang duorje litte?
Earder sil er fuort wer sjitte
sûnder dat er mist.

* Albrecht Dürer (1471-1528)
wie in Dútske keunstner
dy’t bekend waard troch
syn tekeningen, grafysk wurk,
akwarellen en skilderijen.
Hy hold oer syn libben, wurk
en techniken deiboeken by.
It wurk ‘Hazze’ is skildere
mei wetterferve op papier.


admin

Noasbloei

Keunst
PDF Print E-mail
fan Domenico Ghirlandaio

Image

It is him oan te sjen,
it grize hier, de skeinde noas
– rhinophyma –
as pake yn it read as roas
út leafde foar it bern.

It jonkje sjocht him oan,
de krol yn goud en glêd de hûd
– dat past him sa –
syn read rint oer en likegoed
is ’t fan deselde toan.

‘Wat raar is pakes noas,
wat bultsjes en in bytsje read
hoe komt dat sa?’
‘It is mei pake goed beteard:
de noas bloeit as in roas.’

* Domenico Ghirlandaio (sirka 1449-1494)
waard berne yn Florence en skildere
in protte fresko’s en portretten.
It portret ‘Alde man mei jonkje’
kaam earst klear doe’t de man
al ferstoarn wie.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum