Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Heidenskipster reuny

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ut alle hoeken fan de wrâld kamen de âld-Heidenskipsters
op 23 juny 2006 nei it plak fan har âlde dreamen.
Se wiene tinte-, tsjerke-, pream- en pleatsgasten.
Se fielden har ferbûn mei wat de hjoeddeiske Heidenskipsters
harren presintearren yn wurd, muzyk, toaniel, dûns en film.
Se rekken oandien troch it spul fan bern, manlju en froulju yn
klean út it ferline en seagen harsels werom yn har eigen ferline.
De reuny waard in uny, in ienheid yn fielen, tinken en praten.
Mar wêrom dan, âld-Heidenskipsters, wêrom…?Image

Sy hearden ienris by de uny fan It Heidenskip,
de mienskip fan ienriedich folk,
it wie mar lyts, mar libbe grut,
har lân wie flak, sy leauden djip,
in sinnich gea, foar sier in wolk,
mar wêrom giene sy dan fuort?

Image

Sy komme ienris yn de fiif jier nei It Heidenskip,
in reuny, ûnwennich folk
mei langstme nei it âlde stee,
op ierde mar in lytse stip,
foar har de fjoerkolom, de wolk,
mar wêrom dan nei fiere ree?

Image

Sy fiere uny yn de tinte fan It Heidenskip,
in mienskip fan drok pratend folk,
net harkjend nei it wolkomswurd,
mar sels de mûle fol: ‘Ferhip,
bisto no ien fan Sjoerd en Nolk?’
Mar wat hat fuortgean dan foar nut?

Image

Sy prate lûder as it korps begjint oer ’t Heidenskip
te spyljen suver unifoarm:
in oade oan it âlde ryk
mei polderdiken, pleats en skip,
foar reunisten grif de noarm,
mar wêrom ‘far away’ muzyk?

Image

Sy harkje mei sân earen nei it Heidenskipster boek:
de uny yn ferline tiid,
hoe’t oer de polder klonk it liet
fan wrotten, rûch en rau of tûk
berekkenjend, mar ien yn striid,
wat dreau har dan oer ’t wide wiet?

Image

Sy fiere uny yn de tsjerke fan It Heidenskip,
de mienskip fan it hillich folk
dat harkjend nei de finsters keart
de eagen foar de kleurestrip
fan skippen tusken feart en wolk,
wat brocht har dan as glês út lead?

Image

Sy lêze wurden op ‘e glêzen fan It Heidenskip:
in minskehert betinkt in wei,
mar God bestjoert de libbensgong;
dy wiisheid joech har grûn en grip
foar alle oeren fan de dei,
wie dat de polsstôk foar har sprong?

Image

Sy binne unifoarm yn pream en pleats yn ’t Heidenskip,
de santjin hege hikken oer
en fiere dan de unytop,
emoasjes himelheech en djip
om skipper, froulju, bern en boer:
’t gefoel dat smyt gjin antwurd op.

Image

admin

Ballade fan de Snitser mar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
’t Súdwesten mei de Gossepeallen,
’t noardeasten mei it Hearregat,
de Sibesleat derby behelle,
sa krige Snits it winnend lot.

Der wiene eartiids trije boeren,
de nammen binne wol bekend,
se wurken hurd, wol tolve oeren,
oan harren grûn en wetter wend.

Mar stoarmen swypken op de weagen,
dy’t frieten oan de sloppe grûn,
de wierheid kaam sa wreed foar eagen:
in boer hat nea by wetter wûn.

Earst krige Gosse wiete fuotten,
hy bea en flokte oan syn God,
wat soe boer Gosse oars dwaan moatte:
him oerjaan oan syn neatich lot.

Image

Mar nea ferlit in boer syn keallen,
se holden harren poaten droech,
dat kaam omdat er lange peallen
yn rigen yn de boaiem sloech.

Twads liet boer Hearre fan him hearre,
hy bea en flokte oan syn Hear.
Soe Dy it sa foar him bedjerre?
Dan naam it lot foar him in kear.

Image

Mar soe de poel syn fee bespatte?
Dat koed er keare mei har dong,
dy’t er brocht yn djippe gatten,
sadat gjin weach har mear besprong.

Boer Sibe pakte ek de skeppe,
hy brocht syn tank oan God de Hear
en soe noch trije dagen skreppe
foardat de Sibesleat wie klear.

Image

Want Sibe hold mear fan it wetter
as fan de peallen en de dong,
it skipper-wêzen lei him better,
de weagen makken him wer jong.

Sa kamen earst de Gossepeallen,
ûntstie dêrnei it Hearregat,
de Sibesleat hat stinnend kealle
de Snitser mar, it winnend lot.

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum