Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Selsportret

Keunst
PDF Print E-mail
fan Albrecht Dürer*

Image

Hy seach it ljocht wjerkeatsen op it goud
doe’t hy foar ’t earst de eagen iependie;
de heit siet bûgd omdat er goudsmid wie,
de mem lei yn it bedstee fan brún hout.

Sa waard er grut mei kleuren fan goudgiel
en woeks syn geast yn sfearen fan Goatyk,
mar ek de Renaissance waard syn diel
as erfskip fan it Gryksk-Romeinske ryk.

Hy seach himsels op ’t brekpunt fan de tiid
en joech de kleur fan wat der earder wie
mei hoekich útsicht oer Toskaansk gebiet
troch hannen dy’t er yn de wanten hie.

* Albrecht Dürer (1471-1528) waard berne
yn Neurenberg as soan fan in goudsmid.
Yn 1494 reizge er foar in jier nei Italië,
dêr’t er yn oanrekking kaam mei de keunst
fan de Renaissance.

admin

Byldzjend lijen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Käthe Kollwitz-Toren*

Image

Syn holle weaget op ‘e romp
swier fan in fier ferline,
’t antlit seit it inkeld domp
wat tinzen net mear fine.

Har holle bûcht fan ’t fielen swier
nei stiennen sûnder antlit,
tichte eagen sjogge fier,
lykwols der skynt gjin antwurd.

Dochs riist de soan wat fierder op,
in byld net om te gripen;
harkjend nei syn lêste rop,
glydt by har del de stipe.

Us Peter Kollwitz musketier,
it stiet yn stien gravearre
dat dyn dea is stjerrend wier,
kinsto ús byldrop hearre?

Syn earms ferskûlje ’t gûlend hert,
de hân klamt om de mouwe,
want him gripe kin er net,
allinnich om him rouwe.

Har kleed ploait om de sleine lea,
’t leed is yn earms bewuolle
en foar altyd hat syn dea
it memmehert bekuolle.

Twa bylden sizze troch de tiid
de wierheid fan it lijen,
stimmen fan de djippe striid
om wer hâldfêst te krijen.

Image

* Käthe Kollwitz-Toren (1867-1945)
wie de mem fan Peter,
dy’t as Dútske musketier
yn de sjitfuorge-striid omkaam
(22 op 23 oktober 1914).

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum