Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fleurich selskip

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Steen*

Image

Wat sille wy ús soargen meitsje
yn de tiid fan Hollânsk goud
dat strielet yn de wille,
ús perfoarst wol tafertroud.

Sjoch my yn ’t feestfermidden laitsjen
wylst de hân de pipe hâldt,
myn soan krijt brune billen,
fan de reek wurdt hy stokâld.

Ik hear fan rjochts de wyn klear rûzjen
wylst fan links de sek skel klinkt,
it sil myn doedel wêze
dy’t op hege lûden drinkt.

Wa kin yn ’t sjongend selskip sûzje
oars as buorfrous tatebern,
wa skeane letters lêze,
beppe kin se amper sjen.

Wat hear ik, buorman Griisburd gnizen
om wat immen skellend sei:
‘By Steen is it in soadsje!’
Wis, it is myn pappegaai.

Lit alles nei it toppunt rize,
want it hat neat om it liif,
om my wurdt dit in soadsje:
op ‘e wille fan myn wiif!

* Jan Steen (1625-1679)
skildere yn syn bloeitiid
te Haarlem mannich
fleurich selskip.

admin

Fiersicht fan formaat

Keunst
PDF Print E-mail
fan Philips Koninck*

Image

De lear fan de Sinezen is:
de fierte freget grut formaat
om ’t lânskip op te nimmen,
heech en breed, soks bylket wis
yn oerlis mei it ljocht en skaad.

De hichte wiist de wolken ’t spoar
fan see út nei it heuvellân
om ’t felle ljocht te dimmen;
stadich skoot it yninoar
en sjoch de fingers fan in hân.

De breedte lûkt it wetter mei,
al kronkeljend de seekant út,
in stream om mei te swimmen,
slepend, sterker yn de draai
fan súd nei noard, fan noard nei súd.

De djipte lit it lânfolk sjen
op ’t paad dat yn dit oard ferdrinkt,
gjin lûd om mei te stimmen;
minsken wurde hjir wer bern,
mar wie dat net op Sina’s wink?

* Philips Koninck (1619-1688)
wie in skilder fan formaat
op it gebiet fan lânskippen,
mar minsken kamen der by him
bekaaid út.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum