Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fûgelhôf

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Steen*

Image

De Hear van Warmond liet my witte:
‘Rykdom sit him net yn in kastiel,
mar earder yn myn lytse faam.’
Doe hat er my op ’t freonlikst hjitten:
‘Meitsje fan myn skat in bûnt tafriel
tegearre mei it laam.’

Soe ik it dan net bûnter meitsje
as de hear Van Warmond hawwe wol,
omdat Jan Steen foar gaos stiet,
dat minsken om myn streken laitsje?
‘k Skilderje it hiele doek wol fol
mei ’t keakeljende liet.

Ik sjoch de lytse faam dêr sitten
tusken minskedwerch en tsjinstfeint yn;
begrutsjen mei it swiere lot
fan wa’t net helje lichems mjitte
glimket heech; ’t alles sinneskyn:
in kleuretút fan God.

*  Jan Steen (1625-1679) fertelt
op it skilderij ‘Fûgelhôf’ yn
skilderstaal it ferhaal
fan Jacoba Marije
en de dieren.

admin

Spoartrein

Keunst
PDF Print E-mail
fan Edward Hopper*

Image

Doe’t it nôtfjild weage op ‘e wyn,
de spoardyk riisde út ‘e leechte wei,
kaam dêr noch mear beweging yn
by ’t grutter wurden fan in trein.

Yn en út it byld op iere dei,
wylst glês it inerlik ferburgen hie
en reek beslach op ’t netflues lei,
dêr wie it measte wol mei sein.

Mar it spoarde troch; doe’t ik dêr stie,
feroare ’t byld en kleuren waarden klear,
de tiid sei ek noch wat en wie
tefreden fan begjin oant ein.

Image

* Edward Hopper (1882-1967),
in Amerikaanske skilder fan
Nederlânsk-Ingelsk komôf
stie bekend om syn eigen styl.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum