Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frysk Manhattan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
New York, de stêd fan ’t eigen folk
dat foer oer see en oseaan
mei yn it bloed it lôgjend fjoer,
’t wie earst in doarp, it hold net oer,
mar klimmend rikt it oant de wolk.

Image

Manhattan hat it yn it hert
om stribjend hegerop te gean,
mar eaget men it wetter oer,
dan stekt ek Fryslân heech de kloer:
in twilling is op ierde set.

De Jouwer is yn wiffe steat,
want sliepe docht gjin terrorist,
men wit it yn de wrâld mar nea,
hoewol’t Osama rekke dea…
en sjoch, de jûnsloft kleuret read.

Image

admin

Triennen fan Niels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik seach se fleanen tsjin de kleare loft
en tocht oan Niels, de jonge op ‘e goes,
ien mei de hiele guozzekloft
yn taal en teken, frij fan sin,
want wjukken by de rûs.

Ynienen wiene sy doe sûnder him,
in teken dat se rekken fier fan hûs,
want wie hy net har siel en stim,
in minskegoes nei guozzesin,
mar wjukken by de rûs?

Ik seach se swimmen, noch in kloft fan seis,
krekt út ‘e dop, as jongen foar it skot
fan hûnderttûzen, ûnderweis
nei minskesin en syn gewin…
Niels gûlde om har lot.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum