Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wraak

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De greide is de skrale kant it neist
en kin gjin sprekken lije:
‘Skerpe bûterblommen dyst net meist,
om pine bealich fan te krijen!’

De jonge beammen ha in farske bast,
mar kin men net berikke:
‘Deale, binne wy net fêste gast,
der is hjir amper wat te bikken!’

Image

Dan mar de hurde koppen by elkoar,
oerlizze oer in aksje:
‘Wy as brunen binne der wol foar,
do swarte bist in ienmansfraksje!’

De trije keare rap de rûge kop,
twa wolle noch wol stypje:
‘Traapje do der mei de hoeven op,
dan sille wy oer ’t skouder kypje!’

De klap klinkt fier, de brek fan hout en stiel
út wraak kin sprekken lije:
‘Wy as brunen hiene ek ús diel
en lizze noflik mei ús trijen!’

Image

admin

Allinnich

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat is in heale ieu
oars as in suchtsje oer it wetter,
dêr’t er read te gloeien leit
mei ûnder blei en boppe miuw,
dy bleauwen, mar foar har waard ’t letter.

Image

Achter ’t rút, dat wie har plak
doe’t alles rekke yn de dize
en gjin takomst foar har lei;
de arke wie har ûnderdak,
it reade yn it einleas grize.

Foar rûn hy en wiisde ’t paad
nei wat hy wist, mar noch net witte
woe, omdat men soks net seit;
doe kaam de dei mei ’t lêste praat
en liet se him allinnich sitte.

Op ‘e knibbels foar syn skat,
sa wol er har graach wer berikke,
mar de dea bliuwt wol in feit;
de mêst is lang en leit noch plat,
it seil sil hy der net oan klikke.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum