Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Topgeheim

Lyrysk Deiboek

 

PDF Print E-mail
Image

Se moasten wikenlang de greide yn
as militêren fan de âlde lichting
foar in oefening yn ’t stjitten
fan moarns ier oant jûns yn waar en wyn,
se ha it witten!

De grutte, stille heide wie it plak
fan har kazerne mei wol sân barakken
middenyn it smûke Drinte,
mar de greide hie in sigend dak:
de legertinte.

De oarder wie: mei ’t stjitgewear op wacht
fanwege militêre topgeheimen
yn it sintrum fan de tinte,
want it gie yn ’t lânsbelang om macht
en jonge finten.

It topgeheim kaam nei ferrin fan tiid
foar eksersysje út ‘e legertinte,
’t wie in peloton rekruten,
’t oefenjen foar nij gewin en striid
hie dochs fertuten.

Image

admin

Kar fan de karein

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat moat men op it wetter dwaan
wannear’t der wegen binne
dy’t streekrjocht fiere nei it doel:
men hinget noflik yn de stoel
en jaget mei in deun derhinne.

Image

’t Is oars as mei de riemen slaan
en slepe troch it wetter,
want bealgjend traine is it doel;
de stjoerman hâldt de holle koel
en jaget op, ’t kin altyd better:

‘Ien, twa, trijetûzen punt nl,
dy’t stadich roeit, is net yn tel.’

Sa libje minsken yn de waan
fan roeie, ride, driuwe,
want altyd fierder leit it doel,
mar op ‘e midden fan de poel
dêr lit de karein kalm him driuwe.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum